Rekkens wurde better betelle

27 apr 2011 - 11:00

Noarderlingen betelje har rekkens better as in jier lyn. Neffens ynkassoburo GGN binne mar fiif prosint fan de minsken út de trije noardlike provinsjes it ôfrûne jier yn kontakt kaam mei in ynkassoburo. Ferline jier wie dat noch 11 prosint.

Noarderlingen brûke wol faker har sparjild foar saken dêr't it eins net foar bedoeld is. Ek ha Friezen, Grinslanners en Drinten minder sicht op har finansjele situaasje as de trochsneed Nederlanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)