Rekkenkeamer komt yn Assen

03 nov 2004 - 12:26

De rekkenkeamer fan de trije noardlike provinsjes komt yn Assen. Fan takom jier ôf is it ferplichte om in rekkenkeamer te hawwen. Dy moat besjen oft foarstellen fan de Steaten helber binne.

Fryslân, Grinslân en Drinte ha mei elkoar ien rekkenkeamer om't dat goedkeaper is. Nei lang praten is keazen foar Assen as festigingsplak. Ald-Twadde-Keamerlid Nijhuis (VVD) wurdt de baas fan de nije rekkenkeamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)