Rekkenjen opskerpje yn stadion

24 okt 2006 - 12:24

Der wurdt in rekkendei organiseard yn it Abe Lenstra Stadion. Op 1 novimber kinne basisskoalledosinten en PABO- studinten help krije by it rekkenjen. Se krije dan trainingen en workshops oer bygelyks ferskillende lesmetoades en hoe't se de stof better oerbringe kinne op de bern.

De organisaazje, ûnderwiisbegelieder CEDIN, ferwachtet goed 300 minsken. It is de bedoeling dat de rekkendei ien kear yn 'e twa jier hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)