Rekken foar nep-hertoanfal

25 aug 2010 - 09:49

In man dy't yn de Snitswike die as oft er in hertoanfal hie, moat sels de rekken betelje foar de kosten fan de helpferliening. De Snitser (48) sei nachts om healwei fjouweren dat er net goed waard en dat er in hertoanfal hie. Mei it pontsje waard er troch ambulânsemeiwurkers nei de wâl brocht, dêr't in sikewein klearstie.

Oan wâl sprong de man fan de brankaar, betanke de ambulânsemeiwurkers en naaide út. De man krige in boete fan de plysje en in rekken fan 2246 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)