Rekôr tal minsken by Huis&Tuin

05 mrt 2012 - 07:28
  • De eardere beurs Huis & Tuin yn it WTC Expo

De beurs Huis&Tuin dy't ferline wike yn it WTC west hat, hat opnij mear besikers lutsen. Sa'n 32.000 minsken kamen op de beurs ôf en dat wie wer sa'n 10% mear as yn 2011. Op de beurs wie alles te sjen oer it ynrjochtsjen fan huzen en tunen.

Benammen de 12 ynrjochte modeltunen diene it goed, mar ek foar de bouprojekten wie dochs ek wol aardich belangstelling. Takom jier hopet de organisaasje wol wer wat mear stands foar wenningynrjochting te lûken, want dêr wiene dit jier wat minder fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)