Rekôr oantal seehûnen yn Waadsee

16 nov 2011 - 20:32

Op dit stuit binne der in rekôr tal seehûnen yn de Waadsee. Neffens de lêste tellingen binne der in lytse 10.000 seehûnen yn de Waadsee, dat binne aardich mear as ferline jier. Tusken 1960 en 1970 wie it wetter fan de Waadsee sa fersmoarge dat der noch mar 500 seehûnen oer wiene.

Nei 2002 gie it echt better mei de bisten, al hawwe se noch wol in pear kear flink lêst hân fan firusepidemyen, dy't in soad slachtoffers makken. Der binne twa soarten seehûnen yn de Waadsee, de gewoane en de grize seehûn. Fan de gewoane seehûn binne de measten, hast trije kear safolle as fan de grize seehûn. De tellingen wurde dien yn opdracht fan it ministearje fan ekonomy en lânbou. De sifers wurde brûkt foar it fêststellen fan it belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)