Reitze Ketellapper (70) ferstoarn

27 jul 2015 - 11:27
  • Reitze Ketellapper

Riedslid en garaazjehâlder Reitze Ketellapper fan Koarnjum is moandeitemoarn op 70-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy lei al in pear wike yn it sikehûs. Ketellapper wie jierrenlang it gesicht fan Gemeentebelangen yn de gemeente Ljouwerteradiel.

Hy wie earst riedslid foar it CDA, mar by de partij mocht hy net langer as fjouwer perioades fan fjouwer jier riedslid wêze. Ketellapper hat dêrnei Gemeentebelangen oprjochte. Neffens fraksjegenoat Ekas ferliest de fraksje syn boechbyld en sil hy bot mist wurde fanwege syn polityk ynstinkt en netwurk.

Boargemaster Joop Boertjens fan Ljouwerteradiel neamt Ketellapper in 'bysûnder markant' riedslid. Hy sil it lûd fan Ketellapper misse yn de riedseal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)