Reitsma fytst foar 60ste kear

20 maaie 2013 - 08:22
  • Wiebe Idsinga krekt by de start yn Boalsert
  • Wiebe Idsinga dwaande mei syn 235 kilometer

De 79-jierrige Durk Reitsma út Stiens hat pinkstermoandei it startskot jûn fan de 101ste fytsalvestêdetocht, omdat hy de tocht foar de 60ste kear fytst. It is foar him de lêste kear yn dizze foarm. Reitsma fynt de tocht te drok wurden en sil de tocht takom jier wol fytse mar net mear op twadde pinksterdei.

Ek Wiebe Idsinga fan Frjentsjer is moandeitemoarn al om fiif oere fan start gien. Idsinga krige folop bekendheid troch de priiswinnende Hea-reportaazje fan de lêste fytser fan ferline jier.

Idsinga hat der alle fertrouwen yn dat hy dit jier wol foar tolve oere jûn binnen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)