Reitsma bliuwt foarsitter KNSB

11 des 2005 - 11:49

Jacob Reitsma, boargemaster fan Wymbritseradiel, is sneontemiddei yn Utert herkeazen as foarsitter fan it reedridersbûn KNSB. Der wie de lêste tiid swiere krityk op syn funksjonearjen, ûnder oare fan it seksjebestjoer langebaan.

Trije leden dêrfan stapten op om't se net fierder woene mei Reitsma. By it bûnskongres yn Utert spile de krityk lykwols gjin rol, want Reitsma waard unanym wer keazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)