Reitse krijt eigen ierpelfjild

02 aug 2013 - 13:10

Topkok Reitse Spanninga hat yn gearwurking mei jirpelhannelshûs HZPC Holland fan De Jouwer in proeffjildsje oanlein mei sa'n tsien ûnderskate soarten jirpels. Njonken âlde soarten lykas de Doré en de Borger steane op it fjildsje yn Mitselwier ek nije rassen lykas de Annabel en de saneamde spesjale jirpelrassen.

Dat binne nije jirpelsoarten, dy't noch net yn de winkel lizze. Opfallend binne de kleurde jirpels, dy't fan binnen hielendal read, pears of giel binne. Oer twa wiken wurde de jirpels roaid en giet Reitse der mei oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)