Reistiidadvizen foar Ljouwert

25 nov 2008 - 15:14
  • Automobilisten witte no krekt hoe lang at de reis duorje sil
  • De kamera's folgje it ferkear en jouwe de ynformaasje troch oan de buorden

Automobilisten dy't Ljouwert yn wolle, kinne fan no ôf sjen hoe lang at se dêr oer dogge. By de súdlike ynfalsdiken fan Ljouwert binne de buorden mei de reistiden pleatst. Sa kin de automobilist de fluchste rûte kieze nei de binnenstêd.

Mei 25 kamera's wurdt de drokte om de stêd hinne yn de gaten hâlden en trochjûn op de spesjale buorden. De proef mei de reistiidadvizen duorret trije wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)