Reisburo's wach op bargegryp

29 apr 2009 - 12:20
  • Reisburo's ha it drok mei de bargegryp
  • Reizgje nei Meksiko wurdt ôfret

Reisburo's ha in soad ekstra wurk troch alle maatregels fanwegen de bargegryp. Meiwurkers moatte goed op de hichte bliuwe fan alle ûntwikkelingen en reizgers moatte opspoard en ynformearre wurde. It giet no noch benammen om reizgers yn Meksiko.

It hat noch gjin gefolgen foar de omset, mar mooglik feroaret dat as der mear risikiogebieten bykomme. De reisbrânzje hat al lêst fan de kredytkrisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)