Reisburo's platbelle oer jiske

16 apr 2010 - 12:19
  • Fleane yn Noard- en East-Europa is net mooglik fanwege de Yslânske fulkaanjiske

Fryske reisburo's wurde platbelle troch reizgers dy't wite wolle oft har reis wol trochgean kin, no't Skiphol ticht is fanwege de fulkaanjiske dy't oer Europa hinne waait. Tongersdei bruts in fulkaan op Yslân út en waait der in jiskewolk yn 'e rjochting fan it fêste lân.

Fleantugen yn in grut part fan Europa steane al sûnt tongersdei oan de grûn. Op Skiphol wurdt yn alle gefallen oant sneontemoarn seis oere net flein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)