Reis Heerma noch ûndúdlik

10 maaie 2009 - 09:44
  • De camper dêr't Heerma yn Itaalje mei ûnderweis wie

De plysje tinkt net earder as begjin nije wike dúdlikens jaan te kinnen oer wêr't de fermiste Wicher Heerma (63) de ôfrûne wiken west hat. De ynwenner fan Nes Dongeradiel krijt earst tiid om mei syn famylje te praten, dêrnei sil er troch de plysje heard wurde.

Heerma waard op 26 april foar it lêst sjoen, doe't er ûnderweis wie yn Itaalje. Nei de tiid waard der neat mear fan him fernaam. Sneon waard er yn Dokkum werkend troch de eigner fan in winkel dêr't er wat keapje woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)