Reinwetter krekt op 'e tiid

07 maaie 2007 - 12:48

Natuerbehearders, túnkers en boeren binne optein oer it reinwetter fan snein. Om in temjittekomming yn de ûnkosten fan de droechte sille Fryske boeren noch net freegje, want it seizoen is noch lang genôch om de skea fan de droechte yn te rinnen.

It wetter hie lykwols net folle letter komme moatten, sa is de algemiene miening. Bouboeren koene al in skoft neat mear begjinne op it koarkdroege lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)