Reintonnen yn Smellingerlân

19 mrt 2008 - 11:36

Hast 1700 ynwenners fan Smellingerlân dogge mei oan in aksje om mei koarting in reintonne oan te skaffen. It stribjen fan de gemeente is dat mei de reintonnen jierliks sa'n trije miljoen liter liedingwetter besparre wurde kin.

Wethâlder Fred Veenstra krijt nije wike freed de alderearste houten reintonne oanbean. In dei letter kinne keapers fan in goedkeape reintonne dizze by de gemeente ôfhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)