Reinmakker giet nei Koeweit

16 jan 2012 - 12:35

It Ljouwerter bedriuw Dutch Rainmaker rekkenet derop tsientallen wettermakkers leverje te kinnen oan Koeweit as in earste proefeksimplaar it dêr goed docht. Dat soe tsientallen banen opsmite. It bedriuw makket in soart mûne dy't wetter út de loft hellet. It wurket in bytsje lykas in kuolkast dêr't ek wetter by makke wurdt. Der stiet al in proefopstelling oan de súdkant fan Ljouwert.

De earste mûne is ûnderweis nei Koeweit. De reinmakker komt yn de binnenlannen te stean.

It bedriuw hopet yn Ljouwert ek wetter te meitsjen út de lucht as de temperatueren yn Fryslân bot omheech gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)