Reinfersekering foar boeren

15 des 2004 - 10:44

Boeren kinne fan begjin takom jier ôf in spesjale reinfersekering ôfslute. Dat soe twa jier lyn al, mar Nederlânske en Europeeske regels soargen foar fertraging. De fersekering is nedich om't ikkerbouwers de lêste jierren in soad skea ha fan de rein.

Foar boeren jildt in eigen risiko fan 25 prosint. Oars wurdt it te djoer. By skea keart de polis maksimaal 50 miljoen euro út. As de skea heger is, dan springt de oerheid by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)