Reinbôgeflage op Coming Outdei

11 okt 2014 - 11:13
  • Reinbôgeflage op Aldehou
  • Reinbôgeflagge op Aldehou

Op de Aldehou hinget sneon de reinbôgeflage, fanwegen nasjonale Coming Out dei. Yn 40 gemeenten wurdt stilstien by biseksualiteit en homoseksualiteit. It boadskip fan dizze dei is dat elkenien rjocht hat om himsels te wêzen. Yn Fryslân dogge Ljouwert en Súdwest-Fryslân mei oan de dei.

Neffens it Sosjaal en Kultureel Planburo is hast 10 prosint fan de Nederlanners biseksueel. Dat binne 2 miljoen minsken. Dêrfan sit ientredde noch yn 'e kast. By homo's en lesbiennes is dit twa prosint.

Neffens it COC nimt it tal meldingen fan diskriminaasje tsjin homo's noch hieltyd ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)