Rein v. d. Wal wint De Jouwer

30 jun 2009 - 23:43
  • Rein van der Wal (foto Martin de Jong)

Rein van der Wal fan Parregea wie tiisdeitejûn mei 19.16 meter de winner fan de ljepperij op De Jouwer. De A-klasser, dy't in pear wike lyn út de topklasse degradearre, sprong de winnende ôfstân yn syn earste sprong. Ysbrand Galama waard twadde mei 19.06.

De ferrassende winner by de junioaren wie Bart Hiemstra fan Snits. Mei 17.45 helle er syn earste deititel. Anna Jet Leyenaar wie mei 14.05 de bêste by de froulju, Hans Ulco de Boer mei 16.22 de winner by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)