Rein spulbrekker by Freule

11 aug 2004 - 16:22

Reinbuien en tonger ha der woansdei foar soarge dat de Feule stillein is. Dat barde al frij gau, om even nei healwei tsienen.

Om healwei tolven waard besletten dat der wer fierder keatst wurde koe. Dat barde ynearsten op de byfjilden, it haadfjild moast noch wat langer droegje. De Freule is de keatspartij foar jonges, dy't yn partoeren útkomme foar har wenplak. Oan de keatspartij dogge 61 partoeren mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)