Rein spile fytsers parten

31 maaie 2004 - 00:00

Rein spile de dielnimmers fan de fytsâlvestêdetocht op Pinkstermoandei parten. De earste fytsers wiene letter út Boalsert begûn troch de rein. Fan de earste groep fan 600 fytsers ferskynde de helte om 05.00 oere net oan de start. Se melden har by de lettere groepen.

De rein soarge foar falpartijen. Fral op de Aldebiltdyk gienen fytsers ûnderút. Twa moasten nei it sikehûs. Oaren koene troch de EHBO holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)