Rein pleaget oldtimertocht

11 maaie 2013 - 14:23
  • Oldtimeralvestêdetocht
  • Ferwert hat it gesellich makke foar de oldtimers
  • De measten ride troch yn Ferwert

De oldtimeralvestêdetocht is sneon reinerich ferrûn. In soad dielnimmers rieden yn iepen auto's en guon eveneminten oan de rûte foelen ek in bytsje yn it wetter. Sa rieden in soad dielnimmers yn Ferwert troch, wylt it doarp foar geselligens soarge hie mei in blaasorkest en diskes mei iterij.

De alvestêdetocht foar âlde auto's sette freedtejûn ûngelokkich útein. In MG ried yn Wikel in feesttinte yn en der foelen fjouwer ferwûnen. Mei ien fan de slachtoffers falt it sa bot ta dat er meidwaan kin oan de tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)