Rein pleaget Dobbefestival

16 maaie 2009 - 12:58

De organisaasje fan it Dobbefestival yn Koudum hat freed bot lêst hân fan de fûle reinbuien. De opbou fan it muzykfestival moast stillein wurde, omdat it sa hurd reinde dat it rioel it amper oan koe. It festvalterrein is lykwols sângrûn en dêrtroch koe al it reinwetter nachts fuortsakje.

It terrein wie sneon al wer sa droech dat de frachtauto's mei har materieel deroerhinne koene. It Dobbefestival begûn sneontemiddei om ien oere mei 28 ferskillende acts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)