Rein-oerlêst by Illegal Vibes

24 jul 2006 - 10:40

Net de hjitte, mar it reinwetter hat sneon foar in soad problemen soarge by it dance-evenemint Illegal Vibes yn Harns. Oan de begjin fan de jûn foel der in soad reinwetter. Op dat stuit wiene der 4000 minsken oan it dûnsjen. Omdat der net genôch romte wie om te skûljen, moasten in soad minsken yn de rein stean bliuwe. Tsientallen minsken rekken hjirtroch ûnderkuolle en moasten nei de earste help. Der is ek apparatuer stikken gong troch de rein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)