Rein min foar jirpelboeren

29 aug 2006 - 13:54

Jirpelboeren driigje yn de problemen te kommen troch it wiete waar. De hiele moanne augustus is sa goed as ferlern, dus moatte de ierdappels yn septimber fan it lân ôf.

En as it bliuwt lykas it no is, giet de kwaliteit achterút en misse de boeren de betide eksportoarders foar poatierdappels. Soks hat wer gefolgen foar de prizen letter yn it jier. Dat seit bouboer Upt Hiddema fan 'e NLTO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)