Rein grutte spulbrekker by eveneminten yn Fryslân

04 sep 2015 - 11:54
  • De muzikale foarstelling Holes fan Tryater en De Jonge Republiek

In soad eveneminten en foarstellings gean dit wykein fanwege it minne waar net troch. Tryater skrast de foarstelling Holes dy't foar freed- en sneontejûn op it programma stie. Op 10 septimber sil dy ynhelle wurde. Tryater nim kontakt op mei minsken dy't in kaartsje kocht ha.

Ek de Tractorpulling op it Fuel Power Event yn Tsjom giet freed net troch. De swierste klassen, de saneamde Grand National, kinne moarn ek net meidwaan oan de wedstriid. In grutte teloarstelling foar de organisaasje, om't sy hjir it hiele jier nei tawurke hawwe.

It 2015 Festival yn Drylts hat fjouwer wetterpompen ynset om it fjild droech te hâlden. Ek wurde de poadia ferpleatst sadat se gjin lêst ha fan it wetter. De organisaasje fan it festival Into The Great Wide Open op Flylân hat ekstra oerkapings meitsje litten boppe de tinten. Sa bliuwe de besikers droech. Ek hâlde se yn ferbân mei de hurde wyn ekstra tafersjoch op it poadium yn de dunen.

De organisaasje fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum seit gjin lêst te krijen fan it minne waar om't sy de Syl dit jier kompleet oerdekt makke hawwe. Se geane der fanút dat de besikers fan it evenemint sels rekken hâlde mei de waarsferwachting en har dêr op klaaie of in paraplu meinimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)