Reijenga teamsjef yn Drachten

08 jul 2008 - 10:00

Haadynspekteur Cor_Reijenga wurdt de nije teamsjef fan de plysje yn Smellingerlân en Opsterlân. Hy folget Sylvia_te_Wierik op, dy´t fan takom moanne ôf teamsjef wurdt fan de plysje Ljouwert. Reijenga wurket al tritich jier by de plysje.

Hy hat ferskate liedingjaande funksjes hân. Sa wie er plakferfangend distriktssjef en teamsjef yn Ljouwert. As lêste wie er lieder fan it team dat ûndersyk dien hat yn de saak Vaatstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)