Regts wint op de Tsjûkemar

18 aug 2011 - 16:09

Henk Regts hat tongersdei mei de Ut en Thús it IFKS-skûtsjesilen op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge wûn. Twadde waard Jeroen de Vos mei de Eelkje II en tredde Jelle Los mei de Grutte Pier. It fjirde plak wie foar de nûmer ien yn it klassemint Sieb Meijer mei de Jonge Jasper.

Troch dizze útslach is de spanning yn it klassemint wer werom. Mei noch twa wedstriden te gean stiet Sieb Meijer op it earste plak mei 9,9 punten en Henk Regts twadde mei 11,8 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)