'Registraasje homeopaty te gau'

18 nov 2001 - 00:00

De registraasje fan homeopatyske genêsmiddels kin folle better op Europeesk nivo oanpakt wurde. Dat seit direkteur De Velde fan drogisterij-gruthannel Hofman op It Hearrenfean.

Lannen as Dútslân en België gean pas yn 2008 oer op ferplichte registraasje. Dat jout swierrichheden, bygelyks mei Dútse produkten dy't hjir ek ferkocht wurde. In soad middels moatte no út de hannel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)