Registraasje fan 11-stêdefytsers

06 jun 2006 - 14:14

It bestjoer fan de Alvestêdefytstocht tinkt nei oer de ynfiering fan in registraasjesysteem. Moandei waard dúdlik dat fan de 15.000 dielnimmers der 2500 net kommen wiene. En dat is skande, fynt it bestjoer. Der wienen tûzen minsken dy't ek graach fytse woene, mar gjin startbewiis mear krije koene.

Mei in kaarteregistraasjesysteem kin ek better sjoen hoefolle dielnimmers de fytstocht útriden hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)