Register foar fermoarde pear

17 maaie 2001 - 00:00

Yn it gemeentehûs fan Menameradiel is tongersdei in kondoleanceregister iepene foar it fermoarde echtpear Hoekstra. De Hoekstra's waarden ferline wike fermoarde, op fakânsje yn Portugal.

De moard hat grutte yndruk makke yn Menaam en de doarpsbewenners wolle graach har meilibjen toane mei de neibesteanden. Minsken kinne oant takom wike freed it register tekenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)