Regiotaksy bliuwt earst bestean

08 des 2006 - 15:59

De regiotaksy yn Dantumadiel en Dongeradiel bliuwt foarearst bestean. It ferfierssysteem soe takom wike ophâlde om't Connexxion dan it streek- ferfier yn Noardeast-Fryslân oernimt.

Connexxion is fan doel it tal ritten flink op te fieren wêrtroch't de regiotaksy oerstallich wurde soe. Freed waard lykwols bekend dat de regiotaksy yn alle gefallen oant 1 jannewaris en mooglijk sels oant mids april bestean bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)