Regionalen op lanlike tv

25 nov 2009 - 15:46
  • Joop Atsma

Programma's fan de regionale omroppen wurde yn de takomst mooglik fia de lanlike stjoerders útstjoerd. In mearderheid yn de Twadde Keamer liket foar dizze finsterprogrammearing te wêzen. Dat betsjut dat de programma's fan Omrop Fryslân ynpast wurde yn in lanlike programmearing fan de publike omroppen.

Yn de fêste keamerkommisje is tiisdei wiidweidich praat oer de takomst fan de regionale omroppen, nei oanlieding fan in notysje fan Joop Atsma (CDA).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)