'Regio-omrop ek oer de grins'

09 feb 2001 - 09:30

Steatssiktaris Van der Ploeg moat regionale omroppen tastean om ek oer de provinsjegrinzen út te stjoeren. Dat fynt Twadde Keamerlid Joop Atsma fan it CDA.

Oanlieding foar de oprop fan Atsma is it nijs dat L1 út Limburch tenei ek yn Belgysk Limburch útstjoere sil. Dit is yn prinsipe yn striid mei de mediawet. Atsma fynt dat ek oare omroppen de kâns ha moatte om oer de provinsjegrins te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)