"Regio giet oer ynfrastruktuer"

13 jan 2003 - 00:00

Den Haach mei net foar de regio bepale welke ynfrastrukturele projekten útfierd wurde. Neffens VVD-koryfee Frank de Grave kin de regio sels wol útmeitsje oft der in sweeftrein komme moat of in heak om Ljouwert.

De Grave wie moandei yn Ljouwert. Hy gie ek yn op it neamen fan de Ljouwerter boargemaster De Boer as mooglik PvdA-premier. "As Ljouwerters tefreden oer har binne, moatte se dus net op de PvdA stimme," grapke De Grave.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)