'Regio eigen baas oer grûn'

17 jan 2014 - 14:03
  • De gasboarynstallaasje by Earnewâld

De regio moat bepale wat der yn de grûn bart, net it Ryk. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. Ek moat it jild dat fertsjinne wurdt mei de winning fan bygelyks sâlt of gas better ferparte wurde. De wet moat dêrom sa gau as mooglik oanpast wurde, fynt FNP'er Sybren Posthumus.

It part moat yn alle gefallen 10 prosint wêze fan de opbringsten fan de gas- en sâltwinning. Dat komt oerien mei it ynwennertal fan Fryslân. No hat de regio gjin foech oer de winning fan gas en sâlt. De provinsjes kin in advys jaan oan it regear mar dat is net binend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)