Regels stedspenning Boalsert

18 maaie 2008 - 09:52

De gemeente Boalsert wol mear bekendheid jaan oan de stedspenning. Op de webside fan de gemeente komt dêrom in útlis te stean oer it bestean fan de stedspenning en ek fan de earepenning.

De gemeente wol nije regels opstelle foar de stedspenning omdat no net altyd dúdlik is wannear't dy útrikt wurde kin. De stedspenning kin takend wurde oan ien dy't him op bysûndere wize ynsetten hat foar de Boalserter mienskip, sa is no fêstlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)