Regels skoalswimme SWF ûngelyk

01 sep 2011 - 16:05

Der komt dit jier gjin mienskiplike regeling foar it skoalswimmen yn Súdwest-Fryslân. De fiif eardere gemeenten hiene ferskate regelingen. Dy bliuwe dit skoaljier.

Bern yn Snits, Nijefurd en Boalsert kinne swimme ûnder skoaltiid. Yn Wûnseradiel krigen âlden in fergoeding om bern bûten skoaltiid swimme te litten. Wymbrits hat de regeling yn 2005 skrast. Ein dit jier wurde de regelingen ûndersocht. Takom jier wurdt in nije regeling betocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)