'Regels kapfergunning hâlde'

01 jul 2007 - 10:14

De fûgelwacht yn Snits is tsjin soepelere regels foar de oanfraach fan in kapfergunning. De organisaasje is benaud dat dat ta skea liede sil yn de natuer. As foarbyld hellet de fûgelwacht de kap fan beammen oan by it spoar nei Drylts del. Snits soe net genôch optreden hawwe, neidat dy sûnder fergunning delhelle waarden.

De fûgelwacht is benaud dat sokke sitewaasjes faker foarkomme by soepelere regels foar in kapfergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)