Regels foar krystfersiering

11 des 2009 - 14:55

Hoarekasaken wurde yn dizze tiid yn krystsfear oanklaaid. Der binne strange regels foar. Sa moat de fersiering bûten berik fan besikers hingje op 2.50 meter hichte. Al it materiaal moat brânfertragend wêze.

As de fersiering net oan de easken foldocht, moat it gau oanpast wurde Oars kinne de brânprevinsjekontroleurs fan de gemeente de saak slute. Undernimmers wolle rampen as Volendam yn 2001 en ferline wike yn Ruslân foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)