Regels foar it ritueel slachtsjen wurde oanskerpe

18 feb 2016 - 18:00

De regels foar it ritueel slachtsjen fan bisten wurde oanskerpe. Steatssekretaris Van Dam fan ekonomyske saken hat dêr mei joadske en islamityske organisaasjes ôfspraken oer makke, om't it hjoeddeiske belied net akseptabel is. In wichtige feroaring is dat it fleis bygelyks allinne noch mar foar de Nederlânske merk brûkt wurde mei. Ek komt der in registraasje fan it tal slachte bisten.

Diskriminaasje

De islamityske slachter Ümit Akçe fan Aldskoat fielt him diskriminearre troch de maatregels fan steatssekretaris Van Dam. ''Wij hebben klanten van Duitsland tot België en Nederland. Dus dat betekent voor ons gewoon verlies. Dan raak ik mijn klanten kwijt.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)