Regeling ûntslein personeel

26 aug 2003 - 00:00

De 60 meiwurkers fan yngenieursburo Oranjewoud fan It Hearrenfean dy't dien krije by de reorganisaasje, kinne gebrûk meitsje fan in spesjale kompensaasjeregeling. Dy is opsteld neidat it kabinet besletten hat de ferfolchútkearing, dy't je krije as jo ww-útkearing ôfrint, te skrassen.

Foar guon wurknimmers betsjut dat dat se earder yn de bystân reitsje. It is foar 't earst dat wurkjouwers en fakbûnen sa'n regeling meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)