'Regeling foar hierders flat'

17 feb 2012 - 14:59

WoonFriesland moat mei de 45 hierders fan in appartemint yn it Servotel yn Drachten oerlizze oer in fertrekregeling. Dat seit de Bewonersraad Friesland. Tongersdei waard bekend dat WoonFriesland de wensoarchflat slope wol. It gebou en de apparteminten binne ferâldere en renovaasje wurdt te djoer. Ek is der grutte leechstân.

De hierdersbelangegroep sil der strang op tasjen dat der soarch en oandacht is foar de meast âldere hierders yn it kompleks. Bewenners dy't ferhúzje moatte ek in goede finasjele regeling krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)