"Regear moat As keare"

20 des 2007 - 19:10

It kabinet moat de oanlis fan de Sintrale As en de oanlis fan in grut bedriuweterrein by Quatrebras keare. Dat fynt de fraksje fan Grien Links yn de Twadde Keamer.

Neffens de partij is it in te grutte oanslach op de natuer yn de Fryske Wâlden. It gebiet is oanwiisd as in Nasjonaal Lânskip en dêr passe net in fjouwerbaansdyk en in bedriuweterrein yn. De partij hat der fragen oer steld oan trije ministers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)