"Referindum oer weryndieling"

07 feb 2008 - 21:00

Der moat in referindum komme oer weryndieling. Dat fynt in grutte mearderheid fan de minsken dy't meidien ha oan in enkête fan de SP. De measte minsken binne tsjin in weryndieling. Oant no ta hat de partij sa'n 600 reaksjes krigen op de enkête. De SP wol witte hoe't minsken tinke oer weryndieling. De partij sels fynt dat it Ryk en de provinsje de gemeenten der te bot oer ûnder druk sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)