Referindum oer takomst B'him

24 feb 2009 - 20:25
  • It nije gemeentekantoar fan Boarnsterhim

De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Boarnsterhim wol in referindum oer de takomst fan de gemeente. De grutste fraksje yn de ried wol de ynwenners de fraach foarlizze oft der weryndield wurde moat.

Der moat op koarte termyn in ûndersyk komme nei de oarsaak fan de finansjele problemen fan de gemeente. It kolleezje is ferline wike opstapt fanwege in miljoenetekoart. De gemeenteried hat it ûntslach tiisdeitejûn akseptearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)