Referindum oer keapsneinen

23 jun 2014 - 08:44
  • Gemeentehûs Smellingerlân

De fraksje fan Smallingerlands Belang wol dat der in referindum komt oer de sneinsiepenstelling fan winkels. It kolleezje fan b. en w. fan Smellingerlân is tsjin keapsneinen. Smallingerlands Belang wol witte wat de befolking fynt fan sneinsiepenstelling fan maaie oant en mei septimber.

In referindum dêroer moat dit jier plakfine. Boppedat wol de partij dat der in peiling holden wurdt ûnder ûndernimmers yn it sintrum fan Drachten. Smallingerlands Belang tsjinnet tiisdei yn de riedsgearkomste in moasje yn oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)