Referindum oer gearwurking

04 jan 2006 - 13:10

Ynwenners fan Ljouwerteradiel meie har yn in referindum útsprekke oer mear gearwurking mei de buorgemeenten. It giet dan om Menameradiel, It Bilt en Ferwerderadiel. Boargemaster Ter Keurs hat dat sein.

De boargemaster sjocht neat yn in fúzje mei buorgemeente Ljouwert, sa't syn kollega Dales graach wol. Neffens Ter Keurs sjit Ljouwerteradiel der dan by yn. Syn gemeente kin hiel goed selsstannich bliuwe, fynt er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)