'Referindum oer Fryslân'

15 feb 2013 - 07:10
  • 'Fryslân sil net fusearje'

Der moat yn Fryslân in referindum hâlden wurde oer de takomst fan de provinsje. Dat wol de fraksje fan Friese Koers yn provinsjale steaten. De partij reagearret dêrmei op de plannen fan minister Plasterk om it tal provinsjes werom te bringen fan tolve nei fiif.

Fryslân soe opgean moatte yn in noardlik lânsdiel mei Grinslân en Drinte. Neffens Friese Koers moat de provinsje Fryslân der boppe-op sitte. Der soe nó in referindum komme moatte om oan te toanen dat der gjin draachflak is yn Fryslân foar in weryndieling mei Grinslân en Drinte.

De Twadde Keamer hat tongersdei in foarstel oannaam oer de ynfiering fan in riejaand referindum. No moat de Earste Keamer der noch oer gean. Mei sa'n referindum kin der stimd wurde oer in wetsfoarstel. Der binne dan wol 300.000 hantekens fan minsken nedich om in referindum oan te freegjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)